Agenda

  • Maand juli: Expositie beelden, schilderijen en mozaïek
  • Donderdag 25 juli: Theeschenkerij UVV/PKN
  • Donderdag 22 augustus: Foarmerke
  • Vrijdag 23 augustus en zaterdag 24 augustus: Dorpsfeest

Melle Mol

Lorem

Ik woe froeger helikopterpiloat wurde. Mar ik koe net sa goed leare, dus dat gie net troch. "Mar do bist goed mei dyn hannen", sei myn mem; dat ik sit no yn it grûnwurk.

Fan e toer Wytske Hoekstra

Fan e toer Wytske Hoekstra

Waar zijn toch die koolmezen gebleven? In Swichum dus!

Wy wenje moai op de romte en kinne der sa genietsje fan fûgeltsjes yn de tún, flinters en oare moaie natuerferskynsels. Derom wie ik tige bliid doe’t ik yn desimber fan Sinteklaas in moai presintsje kriich. In fûgelhúske mei súgnappen foar oan it raam. Ik wie der tige bliid mei. Dêrom hong it de oare deis al. Yn de wiken dernei hiene wy in protte frije dagen en holden we it goed yn de gaten. Klear om de earste fûgel te spotten.

Spitichgenoch duorre it... en duorre it... en duorre it noch langer. Ik waard de lêste wike fan febrewaris… en ja! Dêr wie de earste… en net folle letter de twadde. Wy sieten klear om in foto te meitsjen om nei Sinteklaas te stjoeren en net folle letter wie it safier.

Wierskynlik hawwe de fûgels in goed fûgelpetear hân en ferteld dat se by ús wêze moasten. Dernei wie de hikke fan de daam. Yn de dagen mei moai waar wie der iten genôch fansels, mar dochs wie “ús” iten folle lekkerder