Je bent hier: Home / Fan ‘e toer besjoen – November

Fan ‘e toer besjoen – November

Al hast trijekwart jier sjocht de wrâld der hiel oars út. Wat foarhinne “normaal” wie fielt no frjemd oan. Koartlyn seach ik op tillefyzje dat minsken mekoar in hân joegen, tsja… dat dogge we al in hiel skoft net mear.

En wat soe it fijn wêze om mekoar wer ris oan te krûpen, sa no en dan soe dat wer sa fijn wêze. Mar we dogge it net. We dogge in protte om mar te foarkommen dat it ferfelende firus gjin grip kriget op ús en de kwetsbere minsken yn ús omjouwing.

Fansels giet it net samar en is net eltsenien oertsjûge fan it gebrûk fan mûle kapkes en ôfstân hâlde. De groep minsken dy yn it begjin fel tsjin wienen, hearre wy wat minder roppen en razen. Dat wy yn maart/april ek ôfstân holden en goed hannen wasken, mar no ek mûle kapkes op dogge, lit dochs wer sjen dat we no oars sjogge nei it firus. Mar sa njonkenlytsen binne wy went om mei mûle kapkes op nei de winkel te gean en in útsûndering wannear je sûnder de winkel yn gean.

 

Mar is it allegearre negatyf as binne der ek moaie dingen?

We meie mar mei in pear minsken by mekoar wêze en we moatte sa folle mogelik thús bliuwe, mar dat is dochs okee? We wenje hjir moai en frij en kinne yn it doarp hast alles krije.

Oer in pear moannen sjocht de wrâld der fêst wer oars út. En binne der in protte feesten om’t in protte yn 2020 net trochgean is.

In protte minsken wurkje thús en neffens Mark Rutte en Co moatte we safolle as kin thús bliuwe. Net sa slim, is it ek wat rêstiger op de trochgeande diken yn Wurdum en Swichum.

 

Wurdumers en Swichumers, noch even trochsette! Sykje mekoar op binnen de regels, oplein troch it regeer en pas goed op mekoar!

 

Wytske Hoekstra