Je bent hier: Home / Fan ‘e toer besjoen – mei

Fan ‘e toer besjoen – mei

Fan ‘e toer besjoen

We kinne der net om hinne.
Yn dizze tiden fan it “nije normaal” sjocht de wrâld der sa oars út as foarhinne.
Om de pear wiken sitte wy fêst allegearre efter de tillefyzje om te hearen wat
minister-presidint Rutte foar nijs hat en hoopje we allegearre dat we wat mear
mooglikheden krije. En miskien yn it koart wer op it terras sitte kinne mei in
bierke yn de hân. En net mear mei in Coronakapsel in eintsje omrinne. De
kapper, de pedikuere, de skientmespesjaliste, in besyk oan harren saken lieken
sa fier fuort. En ja hear! Goed nijs! De flagge kin út, no ja…net foar allegearre….

Wat hearre we noch skrinende ferhalen fan minsken dy’t slim siik wurden binne
troch dit akelike firus. Mar ek minsken dy’t al in skoft net wurkje kinne as te lijen
hawwe om’t se gjin besite krije kinne sa as âldere en kwetsbere minsken.

Troch myn wurk bin ik bot belutsen by de kwetsbere minsken mei in beheining.
Minsken dy it sa nedich hawwe om struktuer in harren libben te hawwen. Se
kinne net omgean mei de ûnfoarsisbere saken. Net nei it wurk kinne, net sporte
kinne, net nei heit en mem. En at jo dan ek noch net sizze kinne dat it sa
ferskrikkelik dreech is, sneuvelt der wol ris in rút en wurd der hiel wat ôf flokt. It
is sa dreech út te lizzen. Want se komme net yn kontakt mei oare minsken, sitte
de hiele dei thús en meie ien kear deis in rúntsje rinne tegearre mei twa
minsken. Wol mei oardel meter ôfstân, mar ja, wat is oardel meter? Ek al
begripe se net wat de baas fan Nederlân allegearre bedoelt, at de baas seit dat
se wer wurkje meie springe se in gat yn de loft. Derom siet ik te tomke draaien
foar de tillefyzje, net foar mysels, mar foar de minsken dy’t sa nedich hawwe om
it gewoane libben wer op te pakken.

Spitich, gjin goed nijs. Mar we gean op nei healwei maaie, de kop der mar wer
foar. Mar gelokkich wol mei in goed kapsel en dat is ek wat wurdich