Fan ‘e toer besjoen – februari
Fan ‘e toer besjoen
Wurdum en Swichum, prachtige doarpen ûnder de reek fan Ljouwert. Oan de iene kant hawwe wy in protte oan saken dy’t wy yn de stêd helje as dogge. Oan de oare kant is it sa wichtich dat we ús as doarp(en) fan de stêd hâlde. Bern groeie op yn de lytse beskerme situaasje op skoallen. Kriminaliteit? Drugs? Hawwe se faaks allinnich mar troch de tillefyzje fan heart. Eltsenien kin mekoar. We kinne de buorfrou en witte wannear se op fakânsje binne, helje dan de post út de brievebus en sette de container foar se by de dyk.
In pear wike ferlien wiene wy op in feest yn Doarpshûs de Golle, dêr spile in band. Wy fine it moai om nei in moai stikje muzyk ta te gean, meastentiids sitte wy op sneon op de bank mei in pûde sjips, mar dit wie in moaie oanlieding om wer ris wat minsken te treffen die je faaks net mear moetsje at jo de bern net mear op skoalle hawwe. Under it genot fan in muzykje en in drankje wie it in tige slagge jûn. Moai dat dit yn it doarpshûs organisearre wurd. Der is it fansels ek foar. Jong en âld mei-inoar en in moai feestje, wat wolle jo noch mear.
Wy net, wy hawwe ús tige fermakke. Yn de sfearfolle seal, foar dizze kear ekstra moai oanklaaid om it saaie fan de gymnastyk-seal net te sjen, kaam ik mei ien oan de praat, se sei dat de plysje bûten stie. No ha ik jierren yn it bestjoer fan it doarpshûs sitten en skrik der net mear fan. Ik sei: “Se sille wol foar drankgebrûk foar ûnder de 18 komme.”
Mar dat wie net it gefal. It die bliken dat dêr oerlêst wie. Oerlêst? Ja, te lûd, wie it ferhaal. It ferbjustere my tige. Sa spitich dat wylst twa ferieningen (de Soos en de Golle) sa harren bêst dogge om in moaie jûn te organisearjen foar doarpsgenoaten. En wat jild probearje te fertsjinjen om troch de tiid te kommen en safolle frijwilligers yn it spier binne om sa’n 350 minsken in moaie jûn te besoargjen. Spitich dat dit net troch eltsenien wurdearre wurd. It is ommers mar 1 x yn it jier, want it is in bealch fol wurk om dit te fersetten.
Mar ik tink dan mar sa… se sille wol út de stêd komme. Wy begripe harren net en sy begripe ús net.
Wytske Hoekstra