Agenda

  • Donderdag 14 februari: Nifelmiddei
  • Donderdag 28 februari: Samen eten UVV-PKN
  • Vrijdag 1 maart: Maatschutjassen
  • Zaterdag 2 maart: Ontmoeting en gesprek over dorpskerk

Melle Mol

Lorem

Nee, burgemeester is niks voor mij; die ketting is veel te zwaar. Maar ik zou wel wethouder willen zijn met graaf- en grondwerk in mijn portefeuille.

Fan 'e toer besjoen

Fan 'e toer besjoen

Wytske: "Mar inkeldris wol ik sa no en dan wol graach wer werom nei de tiid dat de doar iepen makke wurd troch in kaai."

In pear moanne lyn bin ik tegearre mei kollega’s in nije winkel begûn mei húspronksels, makke troch minsken mei in beheining. Al earder hiene we in winkel yn in wyk fan Ljouwert, om’t we kânsen seagen om ús minsken midden yn de maatskippij wurkje te litten. Derneist ús húspronksels te ferkeapjen. It is in middel om ús meiwurkers wurk te bieden wêrtroch se wurdearre wurde troch harren wurk, wer’t se goed in binne. Yn ús winkel yn de Blokhúspoarte fiele ús minsken harren goed en moetsje se minsken út ferskillende plakken út Nederlân en fan de hiele wrâld. No genôch reklame foar de winkel en myn wurk.

Ofrûne wykein hiene we in probleem, in grut probleem. Nei in aardige en smûke wurkdei sil ik de sel slute. Mar wat ik ek probearre, de doar woe net op slot (de doar moat mei in soarte fan ‘druppel’ iepene en sluten wurde). It swit bruts my út. Earst de oare winkellju mar ris frege, dat slagge net. Doe mar ris werom nei de poarte om my oan te melden, ek net. Doe mar ris op siik nei ien yn de Blokhúspoarte dy’t my helpe koe, ek net. It wie yntusken al hast 19 oere. Dernei mar ris belje nei it neednûmer wat wy krigen hawwe. De bêste man siet yn Apeldoorn en wist neat fan de Blokhûspoarte. Doe mar fierder belle. De húsmaster mar ris probearje, hy wie al nei hús. Underwilens waard ik fan it kastke nei de muorre stjoerd. De iene tip nei de oare tip, mar net ien koe wat foar my dwaan. Ik krige in tip om it befeiligingsbedriuw te skiljen, ek dat smiet neat op. Minsken dy’t berikbartsjinst hiene, woene wol helpe, mar wisten net hoe. En hiene noch nea fan it probleem heard.

It waard yntusken letter en letter, ik krige al bylden mei in luchtbêd en in sel foar my. Yn die âlde finzenis net noflik. De Boei is ferantwurdlik foar it behear, mar is yn it wykein net te besjitten. Ik siet mei de hannen yn it hier. Uteinlik tegearre mei kollega’s it beslút naam om de doar los te litten, de meast djoere saken derút te heljen en it d’r mar op te aventoerjen. In pear stikjes hout tusken de doar troch prutst, sadat jo net sjen koene dat de doar net op slot siet.

De hiele nacht net slept en in protte prakkesaasjes. Al mei al sneintemoarn kontakt hân mei de húsmaster. En jo riede it al, hy koe neat foar ús dwaan. Moandei wiene wy de earsten. Spitichgenoch wie dat net hielendal it gefal….

Fansels genietsje ik ek fan de lúkse. Mar inkeldris wol ik sa no en dan wol graach wer werom nei de tiid dat de doar iepen makke wurd troch in kaai. En jo?

Wytske Hoekstra