Agenda

  • Donderdag 14 september: Start W3 wandelaar Ale Postmus
  • Vrijdag 15 september: Start fietsers W3 klassieker
  • Zaterdag 16 september: Finish W3 klassieker

Twitter

Melle Mol

Lorem

Jo moatte der wol in bytsje moai waar by hawwe. En net sa as by myn merke op 8 septimber, dy’t spitich genôch om‘t waar net troch gie.

Fan'e toer besjoen (Wytske Hoekstra)

Fan'e toer besjoen (Wytske Hoekstra)

It is en bliuwt in ‘hot item’. Alle jierren driuwt itselde probleem boppe: der is in tekoart oan frijwilligers.

Fuotbalklups dy’t minsken foar alderhande putsjes nedich hawwe, soar- chynstellingen dy’t wol wat ekstra hantsjes brûke kinne of gewoan minsken foar it organisearjen fan aktiviteiten.

Ik soe sa dizze hiele bledside fol skriuwe kinne mei foarbyl- den. Ek yn ús eigen doarp Wurdum sjoch ik it faak genôch mei eigen eagen. It is no tsien jier lyn dat ik yn it bestjoer

fan De Golle stapte. Ik haw dat acht jier mei in soad wille dien mar ien ding foel my altyd wer ôf: it krijen fan frijwilligers. Lit ik it mar gewoan sizze: it wie altyd in DRAMA. Altyd deselde minsken dy’t klear stiene.

Mar dat it no nei al dy jierren noch net folle better wurden is, kaam ik ko- artlyn efter. It lêste wykein yn augustus is it garandearre feest yn Wurdum en Swichum. It fjild stiet fol minsken en elkenien komt manmachtich op de aktiviteiten ôf. Mar wannear’t de fraach foar feestkommisjeleden opspilet, draaft elkenien like hurd wer fuort. Myn man sit yn tsien jier tiid no foar de twadde kear yn de feestkommisje. Yn maart 2017 waard hy frege, want der wie fierder net ien dy’t woe. It moat dochs net gekker wurde. Al moat ik wol sizze, hy fynt it stikem sels ek wol hiel aardich hear.

Mar itselde jildt ek foar de fuotbalklup. Us beide soannen sitte op fuotbal en no’t it nije seizoen wer los is, betsjut dat ek in nij team. Mar wat is in nij team sûnder coach en sûnder trainers? Foaral by it team fan de jongste is it in probleem. Trainers binne fûn, mar no de coach noch. Nei fjouwer oprop- pen is it noch net foarinoar.

Mar earlik is earlik, ik merk it sels ek. Ik wurkje fjouwer dagen yn ‘e wike en haw ek net altyd nocht om dêrneist noch foar alderhande oare saken yn it spier te wêzen. En ik kin my goed foarstelle dat der mei my noch wol hûn- derten binne. Mar wat no as wy it mei-inoar dogge? As no elkenien ien of twa kear yn it jier by springt en wat foar it doarp docht. Ris efter de bar by De Golle, in pear jier yn de feestkommisje, poeiermolke skinke op de iisbaan of miskien noch wol it aldermoaiste: yn de redaksje fan de Tuorkefretter.

Wytske Hoekstra 

 

Intressant bericht? Deel het!